1943 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1943.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
Foarfallen
- 16 jannewaris - Irak ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 20 jannewaris - Begjin fan 'e Slach oan de Neretva, ien fan 'e grutste Dútske offinsiven tsjin 'e Joegoslavyske partizanen.
- 22 jannewaris - 1181 pasjinten en 50 personeelsleden fan 'e Joadske psychiatryske ynrjochting Het Apeldoornsche Bosch wurde út Apeldoarn wei nei Auschwitz deportearre.
- 23 jannewaris - Op 'e Konferinsje fan Kasablanka beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta de ynvaazje fan Sisylje.
- 31 jannewaris-2 febrewaris - Oan it Eastfront wurdt de Slach om Stalingrad beëinige mei in eklatante oerwinning foar de Sovjet-Uny. De Dútske fjildmaarskalk Friedrich Paulus jout him oer mei de restanten fan it Dútske 6e Leger.
- 7 febrewaris - Mei de evakuaasje fan 'e Japanske troepen fan it eilân Guadalcanal, yn 'e Stille Súdsee, komt nei persiis in healjier in ein oan 'e Slach om Guadalcanal.
- 18 febrewaris - Yn München wurdt de Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose troch de nazys oprôle.
- 20 febrewaris - De Meksikaanske fulkaan de Paricutin ûntstiet.
- 22 febrewaris - De lieders fan 'e Dútske fersetsgroep Die Weiße Rose, Hans Scholl, syn suster Sophie Scholl en Christoph Probst, wurde stânrjochtlik eksekutearre.
- 28 febrewaris - It Noarske ferset fiert yn Vemork in sabotaazje-aksje út op in fabryk dêr't swierwetter produsearre wurdt. Dêrtroch rint de ûntwikkeling fan in Dútske atoombom slimme fertraging op.
- 2 maart - Mei de oerwinning yn 'e Slach yn de Bismarcksee makket Austraalje it foar de Japanners ûnmooglik om 'e striid op Nij-Guineä fuort te setten.
- 7 april - Bolivia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 10 april - In Kanadeesk patrûljefleantúch stoart del yn Drylts, wêrby't de bemanning de dea fynt.
- 13 april - De Dútsers ûntdekke yn 'e neite fan 'e Russyske stêd Smolensk it massagrêf fan de Moardnerij fan Katyn, dêr't Sovjet-troepen yn 1940 10.000 kriichsfinzen Poalske ofsieren fermoarde hawwe.
- 19 april-16 maaie - By de Opstân yn it Getto fan Warsjau nimme de dêr fêstsittende Joaden de wapens op tsjin 'e Dútske SS-troepen.
- 29 april-3 maaie - Yn Nederlân wurdt de Molkstaking holden út protest tsjin 'e Dútske feroardering dat Nederlânske militêren wer yn kriichsfinzenskip moatte.
- 13 maaie - De lêste Dútske en Italjaanske troepen yn Noard-Afrika jouwe har oer oan 'e Alliëarden. Dêrby wurde 250.000 man kriichsfinzen nommen.
- 13 maaie - De Britske Halifax bommesmiter DT645 wurdt troch in Dútske nachtjager boppe Hjerbeam oansketten en komt del tusken Harns en Achlum. De sân bemanningsleden reitsje dea.
- simmer - Yn noardlik Irak brekt de Trêde Koerdysk-Arabyske Oarloch út.
- 5 july - Oan it Eastfront begjint de Slach by Koersk, de grutste tankslach dy't ea útfochten is.
- 10 july - De westlike Alliëarden fiere ûnder lieding fan 'e Britske fjildmaarskalk Bernard Law Montgomery en de Amerikaanske generaal George S. Patton de ynvaazje fan Sisylje út ûnder de koadenamme Operaasje Husky.
- 25 july - By in steatsgreep wurdt yn Itaalje de faksistyske diktator Benito Mussolini ôfset en finzen nommen. Kening Fiktor Emanuel III stelt in nij regear yn ûnder lieding fan maarskalk Pietro Badoglio. Deselde deis noch begjint de Dútske ynfal yn Itaalje.
- 26 july - Kolombia ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 15 augustus - Amerikaanske troepen foltôgje de werovering fan Kiska, it lêste eilân fan 'e Aleoeten (yn Alaska) dat noch yn Japanske hannen wie.
- 23 augustus - De Slach by Koersk, oan it Eastfront, einiget yn in oerwinning foar de Sovjet-Uny. Dit is ien fan 'e grutste en wichtichste Dútske nederlagen út 'e Twadde Wrâldoarloch.
- 3 septimber - It nije regear fan Itaalje slút in wapenstilstân mei de Alliëarden.
- 9 septimber - Britske en Frije Frânske troepen fiere by Salerno in ynfaazje fan it Italjaanske fêstelân út.
- 9 septimber - Perzje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân, Itaalje en Japan.
- 12 septimber - De earste Frije Frânske troepen lânje op it troch de Italjanen besette Korsika.
- 12 septimber - Dútske kommando's befrije by de saneamde Oerfal yn de Gran Sasso de finzen sette Italjaanske diktator Benito Mussolini.
- 18 septimber - De Italjaanske diktator Benito Mussolini ropt yn Salò de Italjaanske Sosjale Republyk út, dat in Dútske fazalsteatsje sûnder wiere selsstannichheid wurdt.
- 4 oktober - De befrijing fan Korsika troch de Frije Frânsen wurdt foltôge.
- 13 oktober - Itaalje ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Japan.
- 14 oktober - By in opstân yn it Dútske ferneatigingskamp Sobibor witte tusken de 300 en 600 Joadske finzenen te ûntsnappen.
- 22 novimber - Libanon ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 22-26 novimber - Op 'e Earste Konferinsje fan Kaïro wurde besprekkings fierd troch de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en de Sineeske diktator Chiang Kai-shek. Der wurdt ôfsprutsen dat Japan nei de oarloch alle gebiet dat it him sûnt 1894 ta-eigene hat, ôfstean moat.
- 1 desimber - Op 'e Konferinsje fan Teheran beslute de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt, de Britske premier Winston Churchill en Sovjet-lieder Josef Stalin ta in ynvaazje troch de westlike Alliëarden fan West-Jeropa.
- 4-6 desimber - Op 'e Twadde Konferinsje fan Kaïro fiere de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt en de Britske premier Winston Churchill besprekkings mei de Turkske presidint İsmet İnönü.
- 29 desimber - It Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel giet oer nei de gemeente Ljouwert.
- datum ûnbekend - De hiele Bibel wurdt foar it earst útjûn yn in Frysktalige oersetting fan 'e hân fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma.
Berne
- jannewaris
- febrewaris
- 4 - Hannah Ludwig, Frysk sjoernaliste, dichteresse en politika († 2013)
- 7 - Rommert Tjeerdsma, Frysk skriuwer
- 9 - Jonny Nilsson, Sweedsk reedrider († 2022)
- 10 - Sytse Hotzes Buwalda, Biltsk taalkundige en oersetter
- 19 - Jan de Rooy, Nederlânsk rallykoereur († 2024)
- 21 - Jan Lukas Eggens, Nederlânsk politikus († 2015)
- 25 - George Harrison, Ingelsk gitarist († 2001)
- 26 - Johnny Höglin, Sweedsk reedrider
- 28 - Hans Dijkstal, Nederlânsk politikus († 2010)
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
Ferstoarn
- febrewaris
- maart
- maaie
- july
- july
- septimber
- novimber
- desimber
Literatuer
- novelles
- koarte ferhalen
- ferhalebondels
- lietebondels
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 1943 fan Wikimedia Commons.
|
|
|