Annemieke Verdoorn
Annemieke Verdoorn (folút: Annemieke Margo Verdoorn; Rotterdam, 8 augustus 1961) is in Nederlânsk aktrise dy't by it grutte publyk bekendheid krige mei har rol as suster Ingrid yn 'e sikehûssearje Medisch Centrum West, en letter as Joyce Couwenberg yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Libben en karriêreKarriêreVerdoorn waard yn 1961 berne yn Rotterdam. Fan 1981 ôf wie se aktyf as aktrise, wêrby't se yn 't earstoan benammen rollen hie yn toanielstikken en musicals. Se ferfolle byrollen yn films as Les Branchés à Saint-Tropez, út 1983, en de Grijpstra en De Gier-plysjefilm De Ratelrat, út 1987 (as seksy motoraginte). Yn 1985 naam Verdoorn ûnder de skûlnamme Margo mei fiif oare artysten (wêrûnder Ireen Sheer, Malcolm Roberts en Chris Roberts) foar Lúksemboarch diel oan it Eurofyzjesongfestival. Harren ferske Children, Kinder, Enfants einige op it trettjinde plak. Yn 1988 briek Verdoorn troch mei har rol as de ferpleechkundige Ingrid van der Linden yn 'e sikehûssearje Medisch Centrum West, dy't tige súksesfol wie. De searje rûn seis seizoenen en wie oant 1994 by de TROS op 'e tillefyzje te sjen. Nei Medisch Centrum West krige Verdoorn yn 1996 har oare grutte rol, nammentlik dy fan abbekate en direktrise Joyce Couwenberg, yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Hja naam dy rol oer fan Marjolein Keuning, dy't him de twa foargeande seizoenen spile hie. Yn 2008 beëinige Verdoorn nei tolve jier har dielname oan Onderweg naar Morgen, mei as gefolch dat Joyce Couwenberg út 'e searje skreaun waard. PriveelibbenVerdoorn troude yn 1993 mei Robert Wilson. Mei him krige se op 1 novimber 2001 in soan, dy't James hjit. Nei't se yn 2008 stoppe wie mei har rol yn Onderweg naar Morgen emigrearre Verdoorn mei man en soan nei Austraalje, dêr't se sûnt dy tiid yn Sydney wennet. Filmografy
Keppelings om utens
|