Kop-hals-romppleatsDe kop-hals-romppleats is in type pleats dat in soad foarkomt yn Fryslân en yn it westen en noarden fan Grinslân. De pleats hat dizze beneaming krigen trochdat de foarm tinken docht oan in lizzende ko. Hjirby is it wenhûsdiel de kop, it middendiel de hals en de skuorre de romp. SkiednisDe kop-hals-romppleats is ûntstien út de langhûspleats. Om 1600 gie it yn Fryslân tige goed yn de lânbousektor en wiene foar de rispinge gruttere opslachplakken needsaaklik. Oan de sydkant fan de pleats waard in stik oanboud. Hjirtroch ûntstie de kop-hals-romppleats, wêrby't it wendiel net rjocht foar de skuorre stiet. De nije pleatsen waarden sûnt dy tiid ek op dizze wize boud. De kop-hals-romppleats is ek geskikt foar it moderne boerebedriuw. KonstruksjeIn kop-hals-romppleats wie geskikt foar feehâlderij en lânbou. Der is wol in ferskil yn de foarm fan de pleats:
De kop fan in kop-hals-romppleats hat topgevels mei skoarstiennen. Op de beide nalen fan de romp waard as beskerming in ûleboerd setten. Dat is in trijehoekich boerd mei in gat yn 'e midden dêr't ûlen troch yn en út gean koenen. Farianten
Keppeling om utens
|