Baard
Baard is in lyts doarpke yn de gemeente Ljouwert. It hat likernôch 200 ynwenners. Baard leit oan de Boalserter Feart, tusken Easterlittens en Leons. It doarp hat in skoalle, in dokter en in ytkafee. Ek de buorskip De Him wurdt ta Baard rekkene. Fan de buorskip Hielens of de Giele Buorren, krekt bûten Baard yn de rjochting fan Easterlittens, is mar ien pleats mear tebek. SkiednisDe omkriten fan baard hawwe al foar it begjin fan de jiertelling bewenne west. De namme wie yn it ferline Bawert, en wurdt útlein as Bawa-wert: de wert fan Bawa. Baard hat de namme jûn oan de eardere gritenij en gemeente Baarderadiel. It doarp hat dêrfan lang it haadplak west, oant dy funksje troch Mantgum oernaam waard. Yn 1984 gie it oer nei de nij foarme gemeente Littenseradiel. Nei noch in gemeentlike weryndieling kaam Baard yn 2018 by de gemeente Ljouwert. De Dekema'sYn Baard hawwe lang Dekema's wenne. Juw Dekema wie potestaat. Op de lândei yn 1494 te Snits is hy dêrfoar keazen. Juw Dekema wie in Skieringer. De Fetkeapers seinen al gau it betrouwen yn Dekema op. Sa koe hy net folle berikke. Yn 1498 beneamde keizer Maximilaan Albrecht fan Saksen ta erfpostestaat. De rol fan Juw Dekema wie doe útspile. Yn Weidum wenne in oare staach fan de Dekema's. Doe't it besit fan de úthof fan it Augustiner kleaster Lúntsjerk yn hannen krige hawwe. De Dekemawei is noch in oantinken oan de eardere stins van Dekema's. BynammenDe ynwenners sels fan Baard hawwe de bynamme fan Katten. Der stiet in byld fan in kat op it keatsfjild. Wierskynlik binne se oan dizze namme komd trochdat de minsken yn it Leons wynhûnen neamd wurde. MienskipIt doarp hat in iepenbiere skoalle (De Stjelp), ek foar de bern fan Easterlittens en Húns. De namme Stjelp ferwiist nei in monumintale pleats dy't noch net sa lang lyn yn stikken nei it Suderseemuseum yn Inkhuzen ferfierd is. De tsjintwurdige tsjerke út 1873 is yn it plak komd fan de midsiuwske tsjerke dy't oan de hillige Gertrudis wijd wie. Ek minsken út Winsum gean nei dizze tsjerke. It doarpsblêd "De Baarder Kat" ferskynt fjouwer kear yn 't jier. Der binne in soad ferienings dy't yn it eardere doarpskafee byinoar komme. Dêrfoar moast men faak nei omlizzende doarpen. TsjerkeFerienings
Bekende BaardersHarmen Sytstra 14 jannewaris 1817 te Mullum - 1862 waard yn 1852 skoalmaster yn Baard. Troch syn krewearjen foar it Frysk is dizze Fryske skriuwer bekend wurden. Hy leit yn Baard begroeven. BefolkingBustsjinstDe busline troch Baard wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Baard:
Ferskaat
StrjittenBinnenbuorren, Dekemawei, Faldenserwei, Gele Buorren, Harmen Sytstrawei, Mûnewei, Oan 'e Kamp, Tongerwei. Sjoch ek
Information related to Baard |