Hantumhuzen
Hantumhuzen is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumhuzen leit noardlik fan Hantumerútbuorren, eastlik fan Hantum, westlik fan Easternijtsjerk en besuden Wierum. Hantumhuzen hat 215 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Loubuorren, op de terp fan Hantumhuzen. De buorskip Hantumerhoeke (diel) heart ek by Hantumhuzen. HantumerhoekeBy de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is Hantumerhoeke ûntstien. Dêr stiet de streekskoalle. Ek de eardere grifformearde tsjerke stiet dêr. De Sint-Annetsjerke
De ynboude toer fan de oan de hillige Anne wijde tsjerke sil om 1200 hinne boud wêze. Der hinget in klok yn út 1616. De bou fan it skip folge yn 'e earste helte fan de 13e iuw. De Annetsjerke is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogoatyske tsjerkebou yn Fryslân. De tsjerke wie ien fan de earste bakstiennen tsjerken yn Fryslân (boarne?). Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou Biueck Sioerda (1563) en in grêfstien dy’t ta neitins oan Amko Jaarla. De tsjerke hat in stiennen meloenferwulften mei skildere ribben. It koer is der yn de 18e iuw oan tafoege. By de restauraasje fan 1939 oant 1942 binne de finsters oanpast oan de 13e-iuwske styl fan de rest fan de tsjerke. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken. StatesFan Hantumhuzen binne fiif staten bekend. Poptastate is as in let-18e-iuwske kop-hals-romppleats oerbleaun binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre (105 cm dik) is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate soe it stamhûs fan de Popta's yn Marsum west hawwe (Poptagasthûs), mar genealogyske bewiis is dêrfoar net fûn. Westlik oan de râne fan it doarp lei Bangastate, no in pleats en súdlik fan de tsjerke, no ek in pleats, lei Heringastate; noardlik fan de tsjerke Peymastate en Rintjemastate. BestjoerSûnt 2019 leit Hantumhuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel. MienskipIt ferieningslibben fan it doarp is in soad yn 'e mande mei Hantum, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer. De doarpen jouwe ek mienskiplik it doarpsblêd 'Hichtepunten fan de 4H-doarpen' út. Hantumhuzen hat mei Hantumerútbuorren in eigen doarpsbelang en it doarpshûs 'it Tiksel'. Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp. It doarp hie eigen foarsjennings, mar der kaam in ein oan it winkelbestân en de ambachtsminsken, sa't Hantumhuzen wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum, dêr't letter ek de lêste winkel sletten waard. Tsjerklik hie Hantumhuzen in otterdokse ynslach. TsjerkeSkoalle
Ferienings
Aktiviteiten*
(*) Sjoch foar aktuele akiviteiten en data dêrfan op de aginda fan de doarpsside. Befolkingsferrin
Berne
Strjitten't Smidsplein, Balstienwei, Bangawei, Dokkumerwei, Fennewei, It Paadsje, Kamphuisstrjitte, Loubuert, Master Galstrjitte, Portmawei, Wierumerwei. Publikaasje
|